Breeuwsma toant foarmbehâld

Daan Breeuwsma © ANP
Shorttracker Daan Breeuwsma hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai foarmbehâld toand foar syn Olympyske nominaasje op de 500 meter. De reedrider fan Aldeboarn wist him krekt net te pleatsen foar de heale finale. Hy ferlear syn posysje yn de lêste bocht. Dochs wie Breeuwsma optreden goed genôch om syn nominaasje foar Sotsji takom jier te befêstigjen.