NatGeo-ramtwurk op It Amelân

Giel ramt fan National Geographic op It Amelân
Op It Amelân is freed in grut giel ramt, it offisjele logo fan National Geografic, opsteld. It kunstwurk stiet op de Blinkert op It Oerd, de heechste dún fan it eilân. It ramtwurk moat de oandacht lûke foar it Wrâlderfguod fan Nederlân. It Waadgebiet falt dêr ek ûnder. Minsken kinne foto's meitsje by it giele rút en opstjoere nei National Geografic. De winner wint in reis nei Kurasao.