Hearrenfean-VVV en Cambuur-NAC

SC Hearrenfean spilet yn de tredde ronde fan de KNVB beker ein oktober thús tsjin VVV Venlo. SC Cambuur spilet yn eigen hûs tsjin NAC Breda. De lotting waard tongersdeitejûn holden yn it Feyenoord stadion. SC Hearrenfean wie tongersdei yn de twadde ronde fan de KNVB beker mei 3-0 te sterk foar FC Twente.
Cambuur wûn tiisdei al fan de amateurs fan Katwijk mei 6-1. De wedstrijden foar de tredde ronde fan de KNVB beker wurde holden op 29, 30 en 31 oktober.