Selstraf yn swimbadmoard Marum

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei 15 jier easke tsjin de fertochte fan de moard op Jan Elzinga út Marum. De man wurke yn Drachten. De man dy't opdracht jûn ha soe om Elzinga te likwidearjen hearde 18 jier tsjin him easkjen.
De deadlike sjitpartij fûn foarich jier plak op it parkearplak fan it swimbad yn Marum. De haadfertochte út Zwolle hat bekend dat er de moard pleegd hat, de oare fertochte ûntkent dat er hjir opdracht ta jûn hat.