Dalstra Reizen draait wol goed

Touroperator en touringcarbedriuw Dalstra Reizen út Surhústerfean stiet der noch goed foar. Dat seit direkteur Johan Dalstra as reaksje op it fallisemint fan OAD -eizen. Dalstra fernimt wol dat it dreech is op de busreismerk. Mar it bedriuw kin it oant no ta goed fol hâlde. It tal boekings is dit jier sels heger as in jier lyn.
It fallisemint fan OAD komt foar Dalstra direkteur Johan Dalstra as in ferrassing. Hy neamt it in grutte klap foar de reisbrânzje. By Dalstra wurkje sa'n 80 minsken.
It bedriuw hat sels ek noch wat foarderings by OAD útstean. Mar dat giet om net mear as in pear tûzen euro.