Harkemase Boys út de beker
Harkemase Boys hat tiisdeitejûn net foar in stunt yn de beker soargje kinnen. Op thúsbasis De Bosk giene se mei 8-0 ûnderút tsjin NEC út Nijmegen. Yn de 19e minút iepen NEC de skoare mei in goal fan Hemlein. Dyselde Hemlein skoarde yn de 36e minút wer en Jantscher makke der foar de tee 0-3 fan. Yn de twadde helte krige Harkemase Boys wol wat lytse kânskes mar koe net foarkomme dat NEC frij maklik skoare koe en úteinlik útrûn nei 0-8.
Kommende sneon spilet Harkemase Boys út tsjin AZSV yn Aalten.