Kinu Rochford nije spiler Aris

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
Kinu Rochford is de nijste oanwinst fan de Ljouwerter basketbalklup Aris, hy is de ferfanger fan de dizze wike opstapte Greg Washington. De 22-jierrige Rochford is powerforward en moat de klup mear oanfalskracht jaan. Hy komt fan Fairleigh Dickinson University, dêr't hy yn syn lêste skoaljier goed wie foar hast 15 punten en 9 rebounds per wedstriid.
De klup hat ûndertusken in wurkfergunning foar him oanfrege en hopet dat se de nije spiler yn de earste kompetysjewedstriid tsjin Amsterdam presintearje kinne.