CDA-fragen oer Frysk mediafûns

© ANP XTRA
De steatefraksje fan it CDA wol fan it kolleezje fan deputearre steaten witte hoe't it kin dat der by de earste ronde fan it mediafûns net genôch projekten foldiene oan de kritearia. Begjin septimber makke de provinsje bekend dat der in twadde omloop komt, omdat de pot mei jild noch net leech is.
Ien fan de kritearia is dat de projekten oer de hiele provinsje ferspraat wurde moatte en krekt dêr kin faak troch lytse Fryske media net oan foldien wurde. It CDA wol witte oft dêr net wat op fûn wurde kin.