Warmenhoven hat planetoïde

De ynternasjonale astronomyske uny hat in planetoïde nei Adrie Warmenhoven, de direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, neamd. It giet om planetoïde 12633, dy't fan no ôf Warmenhoven hjit. It rotsblok waard yn 1971 ûntdutsen en sweeft tusken Mars en Jupiter.
Ek de foarige direkteur fan it planetarium, Henk Nieuwenhuis, en Eise Eisinga hawwe in eigen planetoïde.