Winners keningsportret bekend
Keunstners Aline Sprokkereef en Hinke Posthuma leverje de keninklike portretten dy't komme te hingjen yn it provinsjehûs yn Ljouwert en it stedhûs yn Grins. Dat hat galery Zofier yn Nijskoat bekend makke.
De galery hst promininte Fryske en Grinslanner keunstners frege in portret te meitsjen fan ús nije kening of it nije keningspear. Dy portretten hawwe de ôfrûne wiken yn de galery hongen en it publyk hat dêr de moaiste út socht.
It portret fan Sprokkereef komt te hingjen yn it provinsjehûs yn Ljouwert. Dat fan Hinke Posthuma sil te sjen wêze yn it stedhûs yn Grins.