Mear kij yn bûtendyks lân
Mear kij en minder hynders. Dat liket it takomstbyld fan it bûtendykse lân fan it Fryske Gea oan de Waadkust. Fan 2010 ôf is ûndersocht oft it ek ferskil makket foar de natoer as der kij of hynders weidzje yn de kwelders en simmerpolders. Ien fan de earste konklúzjes is dat kij it better dogge as hynders.
Hynders fertraapje bygelyks mear nêsten en komme op folle mear plakken yn it lân dêr't sy sitte. Sawol de hynders as de kij yn it bûtendykse lân binne fan boeren dy't dêr lân pachtsje.
It leit no foar de hân om geandewei mear mei kij te wurkjen.