Jonge bestjoerder oanhâlden

De plysje hat freedtenacht yn Boalsert in 17-jierrige automobilist oanhâlden. De jonge út Wommels negearde in stopteken en ried hurd fuort. De jonge mocht mei syn leeftiid fansels net allinne yn de auto ride, en boppedat hie de plysje it idee dat er ûnder ynfloed fan drugs wie. Der is in bloedproef by him ôfnommen.