Cambuur pakt punt yn Deventer

Cambuur pakte freed in punt yn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De wedstriid tusken de beide promovearre ploegen einige yn 0-0. Cambuur mei dêr it meast tefreden mei wêze, want Martijn van der Laan krige al yn de 43e minút in reade kaart. Mei tsien man slagge Cambuur der yn de nul te hâlden. Go Ahead Eagles krige benammen kânsen mei ôfstânsskotten, mar sy skoarden net. De Ljouwerters wienen mei dit likense spul de morele winner. Sawol Cambuur as Go Ahead Eagles steane no mei 9 punten út 7 wedstriden yn de middenmoat fan de earedivyzje.