Blokkade-frou langer fêst

© Robertjan Boonstra
De 22-jierrige frou út Hallum dy't op 7 jannewaris op in plysjeblokkade ynriden is, sit noch oant 15 febrewaris fêst. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald. Se wurdt fertocht fan it besykjen fan deaslach op in plysje-amtner. Dat wurdt har swier oanrekkene troch it Iepenbier Ministearje.
De plysje siet de frou achternei doe't se foar de twadde kear deselde dei sûnder rydbewiis ried. Nei in wylde achterfolging troch Wergea en Earnewâld ried de frou mei hege snelheid op de blokkade yn.
In plysjefrou koe harsels noch mar krekt op tiid yn feilichheid bringe.