CDA net bliid mei Miljoenenota

It CDA is net bliid mei de plannen yn de nije Miljoenenota, want dy soargje net foar nije banen. Dat seit CDA-fraksjefoarsittet Sybrand van Haersma Buma tsjin Omrop Fryslân. It kabinet steapelet besuniging op besuniging en ferheget de belestings. Dêrtroch komme der allinnich mar mear wurkleazen by, yn plak fan dat de wurkleazens ôfnimt.
It CDA sil in alternatyf njonken de kabinetsplannen dellizze. Dêrby stiet foar de partij it behâld fan banen en de takomst fan it pensjoen foarop.