Fytspaad tusken Grou en Wergea
It fytspaad tusken Grou en Wergea sil einliks oanlein wurde. It moat ein takom jier klear wêze. Dy tasizzing hat de wurkgroep fytspaad Leechlân krigen fan wethâlder Thea Koster fan Ljouwert.
Al mear as tsien jier striidt de wurkgroep foar de oanlis fan it paad. Trije kear waard dat al tasein en yn 2011 wie der sels al in starthanneling. Jildpine fan de gemeente Boarnsterhim of tekoarten yn de budzjetten soargen der lykwols altyd foar dat de oanlis útsteld waard. De provinsje en de gemeente Ljouwert diele no de kosten.