Soere start foar De Jouwer

Haadklasser De Jouwer is de kompetysje snein úteinset mei in 1-0 ferlies tsjin Rohda Raalte. Yn Raalte krige de ploech fan Wieb Rodenhuis yn de earste helte goede kânsen om de skoare te iepenjen. Nettsjinsteande it oerwicht wie it de thúsploech dy't foar rêst foar de iepeningstreffer tekene.
Yn de twadde helte moasten de Jousters op jacht nei de lykmakker. In tal fan goede kânsen soarge lykwols net foar de oanslutingstreffer. In soer begjin foar De Jouwer, dy't foarige wike net yn aksje kamen fanwege in te droech fjild.