Van der Bos wint Aldehoupartij

Gert-Anne van der Bos, Marten Feenstra en Daniël Iseger hawwe sneon de hûndertste edysje fan de Oldehove keatspartij yn Ljouwert op harren namme skreaun. It favorite partoer wûn yn de feestlike finale mei 5-5 en 6-0 fan Pieter Bakker, Taeke Triemstra en Pier Piersma. Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening.
Spesjaal foar it jubileum waard der in gersfjild oanlein ûnder de Aldehou. Stikjes fan dit fjild kinne kocht wurde foar in bydrage fan minimaal 1 euro per m². De opbringst giet nei Serious Request.