Mear maakyndustry nei Ljouwert

De gemeente en it bedriuwslibben yn Ljouwert wolle mear 'maakyndustry' nei de stêd helje, bedriuwen dy't produkten meitsje dus. Want der wurdt op it stuit in soad jild stutsen yn bygelyks wettertechnology. Mar de nije fynsten en produkten dy't dat opsmyt, moatte hjir dan ek makke wurde. Dat bart no net. It wurk giet nei oare bedriuwen, bygelyks yn lannen dêr't goedkeaper produsearre wurde kin.
Der wurdt no oerlein mei bedriuwen dy't aktyf binne yn de wettertechnology en dat smyt op syn gaust oer in pear wiken wat op.
Dat is alteast de ferwachting fan wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert.