Man oppakt foar stellen disel

© Foto-ympresje
In 42-jierrige man út Bakkefean is oanholden yn ferbân mei stellerij fan disel út tanks fan frachtweinen. De man hat bekend dat er yn de perioade fan maart oant no trettjin kear disel stellen hat út frachtweinen op De Gordyk, De Tynje, Surhústerfean, Marum, De Wylp, Tolbert, Roden en Grins. De disel waard troch de fertochte foar ûngefear de helte fan de priis fan disel ferkocht oan tredden.