Sikehuzen brûke minder bloed

Sikehuzen brûke de lêste trije jier 15 prosint minder bloed. Troch nije operaasjetechniken ferliest in pasjint minder bloed. Boppedat wurdt der weromhâldender omgien mei it jaan fan bloed oan pasjinten, se krije yn stee fan bloed of ûnderdielen fan bloed medisinen.
Op it stuit binne der genôch bloeddonoaren. Dochs binne der altyd nije nedich, omdat minsken te âld wurde om bloed te jaan. De wurkgelegenheid by de bloedbank Sanquin stiet hjirtroch ûnder druk. Funksjes ferdwine, mar der is foarearst noch gjin sprake fan twongen ûntslaggen.
By Sanquin yn Fryslân wurkje 30 minsken.