Lintsjes foar Fryske sikehuzen
De sikehuzen Antonius yn Snits, Nij Smellinghe yn Drachten en de Sionsberg yn Dokkum hawwe in rôs lintsje krigen foar de boarstkankersoarch dy't sy biede. In rôs lintsje betsjut dat se soarch biede op it heechste nivo.
Nij Smellinhe en de Sionsberg krigen ek in griis lintsje, dat is bedoeld foar sikehuzen dy't goede soarch leverje, mar wêr't de operaasje yn in gearwurkingssikehûs dien wurdt. It is de earste kear dat der yn Nederlân sa'n griis lintsje útrikt is.