Plan FNV foar opkrikken bou
Yn Achtkarspelen geane lykas yn oare gemeenten boubedriuwen fallyt en sitte boufakkers thús te wachtsjen op bettere tiden. Fakbûn FNV bou yn Achtkarspelen wol hjir wat oan dwaan en hat tongersdeitejûn yn Bûtenpost in plan presintearre, dat der foar soargje moat dat jonge minsken wer oan de slach kinne yn de bou.
Se wolle dat û.o. realisearje troch yn gearwurking mei oerheid en bedriuwslibben jonge boufakkers mei subsydzje learbanen te jaan. Dat soe kinne yn de bou fan starterswenten en de renovaasje fan leechsteande bedriuwsgebouwen.
It fakbûn wol ek wat oan de oansluting fan it ûnderwiis op de praktyk dwaan.