Festivaljild nei Mozambyk

Affysje fan 2013
It festival Welcome to The Village dat ein july yn natuergebiet De Griene Stjer by Ljouwert hâlden is, hat 2500 euro skonken oan it Fryske wetterprojekt 'Schoon water voor Mozambique'.
De provinsje, it wetterskip, Vitens en de Fryske gemeenten wurkje sûnt 2010 mei súkses oan it ferbetterjen fan de sanitêre foarsjennings yn sân stêden yn Mozambyk. Troch oandacht te freegjen foar kraanwetter op it festival is dit bedrach ophelle.