Friezen binne sûner as de rest

Friezen fiele har sûner as minsken yn de rest fan Nederlân, dat docht bliken út de Gezondheidsmonitor 2012, in ûndersyk fan GGD Fryslân. Goed 6.500 Friezen fan 19 jier en âlder ha oan it ûndersyk meidien. Minsken mei in baan of mei in hege oplieding binne minder gau siik as minsken sûnder baan of minsken mei in lege oplieding.
Mear as de helte fan de Friezen is te swier en yt net genôch griente en fruit. Wol bewege Friezen mear as minsken yn de rest fan Nederlân.
It is foar it earst dat alle GGD's yn Nederlân op itselde momint it ûndersyk útfierd hawwe.