Stipe EU foar lytse talen

It Europeesk Parlemint yn Straatsburch hat woansdei mei grutte mearderheid foar it rapport Alfonsi oer 'bedrige talen' stimd. 645 Europarlemintariërs stimden foar mear maatregels om lytsere talen as it Frysk, it Baskysk en it Korsikaansk te stypjen. Mar 26 fan de 700 Europarlemintariërs stimden tsjin.
Yn de EU wurde neffens it rapport mei-inoar tsientallen bedrige talen sprutsen. Dy soene neffens it rapport mear stipe krije moatte op it mêd fan ûnder oaren ûnderwiis, media en digitale inisjativen.
Lytse talen soene no de mooglikheid krije moatte om yn de nije beliedsperioade 2014-2020 mei te dwaan en te profitearjen fan alle programma's en fûnsen fan de Europeeske Uny. Oant no ta wie dat om tal fan redenen dreech.