Rappe riders trappearre

© Omrop Fryslân
Seis bestjoerders ha har rydbewiis ynleverje moatten om't se fierstente hurd rieden by Ljouwert, Ketlik en Driezum. De plysje kontrolearre mei in lasergun. Op de N383 by Ljouwert ried tiisdei in 57-jierrige man út Tsjummearum 158 kilometer yn de oere, ek in 24-jierrige Ljouwerter ried te hurd, 151 kilometer en in Kollumer (43) hie dat ek op de teller. By Ketlik is woansdeitemoarn kontrolearre. In 52-jierrige automobilist út Makkingea ried 121 kilometer wylst 60 tastien is. In 32-jierrige automobiliste út Noardwâlde ried dêr 115 kilometer.
Sân oare bestjoerders binne bekeurd om't se te rap rieden. By de kontrôle yn Driezum moast in 22-jierrige automobilist út Damwâld syn rydbewiis kwyt. Hy ried 124 kilometer op in 60 kilometerdyk.