Mear betelje foar natuer
Natuerorganisaasjes yn Fryslân wurde hurd rekke troch nije heffings fan it Wetterskip. Net allinnich moatte de natuerklups mear betelje per hektare natuergebiet, it wetterskip wol ek jild sjen foar it gebiet bûten de diken, wylst it dêr gjin ûnderhâld útfiert. De organisaasjes binne tsientûzenen euro's ekstra kwyt troch de nije heffings. Natuermonuminten, Steatsboskbehear en It Fryske Gea hawwe mei elkoar beswier makke tsjin de heffings.
De kommende jierren wurde op 'e nij miljoenen stutsen yn it projekt. Dêrmei binne akwadukten oanlein, brêgen ophege en fearten útbaggere, mei as doel om mear toeristen te lûken en te soargjen foar in soad ekstra wurkgelegenheid. Yn 2015 moat it Fryske Marreprojekt klear wêze.