Penjum as ynspiraasjeboarne

Ut de hiele wrâld komme dizze dagen minsken nei Penjum en dan binne dat benammen frouljusaktivisten fan de organisaasje HIVOS. Dat is in Nederlânske ûntwikkelingsorganisaasje dy't striidt tsjin earmoede, ûnderdrukking en diskriminaasje. Se komme spesjaal nei Penjum, omdat yn dat doarp in soad saken mei-elkoar dien wurde.
De leden fan HIVOS wolle yn Penjum ynspiraasje opdwaan om te sjen hoe't minsken fia boargerinisjativen foar feroarings soargje kinne.