Striid om sunichste kolleezje
Boargemasters en wethâlders út it hiele lân stride de kommende wiken om de titel wa't it meast duorsum is. Se hawwe in apparaat yn de hûs dat sjen lit hoefolle stroom se op dat momint brûke. It doel is om it ferbrûk sa leech mooglik te krijen en te hâlden. De wedstriid wurdt organisearre troch Urgenda, in organisaasje foar duorsumens en ynnovaasje, tegearre mei it Klimaatferbûn.
Doel is om sjen te litten hoe maklik en leuk it is om yn eigen hús enerzjy te besparjen. Op 10 oktober, de dei fan de duorsumens, wurdt de útslach bekend makke.
Yn Fryslân dogge ûnder oare de bestjoerders fan de gemeenten Tytsjerksteradiel, Dongeradiel en Dantumadiel mei.