Grûnradar pakt fertraging oan

Ien fan de lytsere spoartrajekten yn Fryslân
Spoarbehearder ProRail sil mei grûnradar-apparatuer in tredde fan de 100.000 kilometer spoarkabels yn Nederlân neimjitte en folle better yn kaart bringe. De metoade helpt om fertraging foar reizgers en by bouprojekten foar te kommen. Troch wurksumheden ûntstiet der wykliks skea oan kabels lâns it spoar, omdat se net goed yn kaart brocht binne.
De earste nije kabelkaart wurdt makke fan it trajekt Ljouwert-Grins. De metoade mei de grûnradar is betocht troch de yngenieursbedriuwen Oranjewoud en Movares tegearre mei BAM ynfratechniek.