Zonderland twadde yn Hongarije

Epke Zonderland © ANP
Turner Epke Zonderland is sneon twadde wurden op in grand prixwedstryd yn it Hongaarske Szombathely. Lângenoat Bart Deurloo pakte de earste priis. It wie foar Zonderland de earste wichtige ynternasjonale wedstryd sûnt de Olympyske Spelen yn Londen, ferline jier. Dêr wûn er goud op de rekstôk.
Zonderland helle sneon 14,9 punten, Deurloo skoarde mei in minder drege oefening 15,066 punten. Zonderland komt snein út yn de tastelfinale oan it rek en op brêge.