Man moat noch 14 moanne sitte

Finzenis
De wetterplysje hat freedtejûn in 37-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden, omdat er noch 431 dagen selstraf útsitte moat. By in kontrôle op it wetter yn Ljouwert en omkriten seagen plysjeminsken de boat fan de man by de Harnzertrekwei lizzen. It wie bekend dat de man noch in straf útsitte moast en dêrom gie de plysje oan board. De man wie oan board, hy waard oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.
De man wurdt sneon nei de finzenis brocht om syn straf út te sitten.