Bouwmeester twadde fan Europa

© Richard Langdon
Marit Bouwmeester is twadde wurden op it Europeesk kampioenskip silen yn de Laser Radial. Op it wetter by it Ierske Dublin waarden freed de lêste trije races syld. De Wartenster, winner fan Olympysk sulver, waard tredde, sechsde en 26e. Dy lêste útslach waard in skrasresultaat. De titel gong mei oermacht nei Annalise Murphy. Op har thúswetter waard se twadde, tredde en earste. Yn totaal wûn Murphy acht fan de tolve wedstriden. De Britse Alison Young waard tredde.