Ferwûne by ûngelok by Oerterp

Helptsjinsten te plak by ûngelok op N381 by Oerterp © Tino Broekstra
In frou (79) út Surhústerfean is freed oan it begjin fan 'e middei ferwûne rekke by in ûngelôk op de Opperhaudmare by Oerterp. It slachtoffer rekke mei de auto fan 'e dyk Drachten-Appelskea (N381). De traumahely waard ek oproppen. Hoe't it mei it slachtoffer is, koe de plysje net sizze. In hûntsje by de frou yn de auto moast behannele wurde troch in bistedokter.
De dyk hat foar in part ôfsletten west foar it ferkear. Om ien oere middeis is de wei wer frijjûn.