Waadfûns stipet Spaarwater

© SXC stock exchange, Jos van Galen
It Waadfûns hat in subsydzje fan hast 600.000 euro takend oan it projekt Spaarwater. Dit is it earste lânbouprojekt dat finansjele stipe ûntfangt fan it fûns. Letter folgje der noch fiif projekten. Yn it projekt wurket Acacia Water út Gouda gear mei LTO Noard en de Keninklike Algemiene Feriening foar Blombollekultuer om nije wizen te finen om fersilting fan lânbougewaaksen tsjin te gean. Der sil ûnder oaren eksperimentearre wurde op in bedriuw yn Pitersbierrum.