Blommeboek hat eigen stoel

In replika fan it blommeboek
It djoere blommeboek út Italië dat dit wykein nei Tresoar yn Ljouwert komt hat yn it fleantúch in eigen stoel. Sa kin de meiwurker fan de nasjonale biblioteek fan Rome it sicht der goed op hâlde. Der is ek in befeiliger by. It giet om it boek Florilegium fan de 17e ieuske keunstner Franciscus de Geest út Ljouwert.
It boek sil by Tresoar in nacht yn de klûs komme te lizzen. Sneontemoarn sil de meiwurker fan de biblioteek yn Rome sjen oft it boek yn Ljouwert in goed plak krijt. Oars giet it wer mei nei Italië.
Tresoar hat der wol fertrouwen yn, want se hawwe ûnderfining mei it bewarjen en tentoanstellen fan djoere boeken.