Tsjustere Boschplaat as park
Der wurdt hurd oan wurke om fan natuergebiet de Boschplaat op Skylge in ynternasjonaal tsjuster park te meitsjen. De oanfraach wurdt ein dit jier yntsjinne by in Amerikaanske organisaasje. Der binne op dit stuit tsien saneamde Sky Dark Parks yn de wrâld, dêr't minimaal 3000 stjerren te sjen binne en dy't in edukative funskje ha.
De bedoeling derachter is dat minsken minder ljocht brûke en mear fan stjerren genietsje. De Boschplaat soe it earste Nederlânske park wurde en kin dêrtroch mear toeristen lûke.
Der wurdt noch praat mei haadstêd Ljouwert om it brûken fan ljocht dêr te beheinen, sadat de Boschplaat en omjouwing noch tsjusterder wurde.