Houtskeletboubedriuw fallyt

Houtskeletboubedriuw HKN-Eemshout op It Hearrenfean is fallyt ferklearre. Der komme 30 minsken op strjitte te stean. Opmerklik is dat it fallisemint oanfrege is troch it fakbûn CNV Vakmensen. Neffens it fakbûn krigen meiwurkers harren lean net op tiid of krigen se mar in diel fan harren lean. Om't de sitewaasje nei oerlis mei de direksje net ferbettere, is it fallisemint oanfrege.
Neffens it fakbûn hie it bedriuw te lijen fan de ekonomyske krisis en in hege hierpriis foar it bedriuwsgebou.