Previntyf termkanker-ûndersyk
In previntyf ûndersyk nei termkanker kin in soad lijen fan pasjinten foarkomme en tagelyk jild besparje yn de sûnenssoarch. Dêrom is it in goede saak dat it der komt. Dat fynt direkteur Jan Henk Sangers fan it ûndersykburo Bevolkingsonderzoek Noord dat it ûndersyk útfiert.
It termûndersyk set yn Fryslân fan begjin 2014 ôf yn fazen útein en rjochtet him op de leeftydsgroep fan 55 oant 75 jier. Dielnimmers krije in envelop mei ûndersyksmateriaal dat se mei in meunster fan de ûntlêsting opstjoere moatte nei in laboratoarium.
Minister Schippers tinkt dat it ûndersyk jierliks sa'n 2400 minsken it libben rêde kin.