Man troch winkelrút Ljouwert

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei yn de Doelesteech nei fjochterij twa manlju oanhâlden. It giet om twa Ljouwerters fan 19 en 20 jier. De 19-jierrige soe in 22-jierrige man mishannele ha.
Doe't de plysje derby kaam, begûn de 19-jierrige man bot te razen en sloech hurd tsjin in winkelrút. Doe't de plysje him oanhâlde soe, woe de 20-jierrige man dat foarkomme. Dizze man is ek meinaam nei it buro.