Hearrenfean hiert De Kamps

Nei Mitchell Dijks hat SC Hearrenfean opnij in Ajacied hierd. Middenfjilder Joeri de Kamps komt foar de rest fan dit seizoen út foar de ploech fan Marco van Basten. Hjirmei spilet Hearrenfean yn op it fuortgean fan Sven Kums nei Zulte Waregem.
De Kamps is in 21-jierrige kontrolearjende middenfjlder. De middenfjilder krige dit wykein yn de wedstriid fan Jong Ajax tsjin jong FC Twente yn de Jupiler League noch de reade kaart nei twa kear giel.
Fierder ûnderhannelt SC Hearrenfean op it stuit mei Heracles Almelo oer de ferhier fan oanfaller Mark Uth. Uth wie ferline seizoen topskoarer by de beloften, mar komt yn it earste alvetal amper oan spyljen ta. Wat Alfred Finnbogason oanbelanget seit ynterim direkteur Gaston Sporre dat it "rustig is op de lijn".