Postma wint brûns op WK
Siler Pieter-Jan Postma is tredde wurden op it wrâldkampioenskip yn de Finn klasse. Op see by Tallinn yn Estlân slagge it Postma sneon de ôfslutende medalrace te winnen. Hy klom dêrtroch ien plak yn it algemien klassemint. De silers hiene in soad lêst fan de omstannichheden. Races koene net syld wurde om't der kwalik wyn stie. De Braziliaan Jorge Zarif wûn it goud, de Brit Edward Wright it sulver. It is Postma syn tredde WK-medalje nei it sulver yn 2007 en yn 2011.