Wyk Fûgellân Dronryp is sukses

De nije oanpak tarieding wenplan Fûgellân yn Dronryp hat fertuten dien. De earste kavels binne ferkocht. It giet om in proef fan de gemeente Menameradiel. Gadingmakkers foar in boukavel mochten sels it plan betinke. Der is twa jier praat oer de ynrjochting en no kin der boud wurde. Der lei in plan foar 75 wenten, mar dat is ôfsketten fanwege de krisis. Om keapers te lûken is foar de nije opset keazen. Der is romte foar tsien wenten en der binne trije kavels ferkocht. De famylje Rinsma út Dronryp hat de earste hânteken set foar in kavel.