Auto troch mist yn de sleat

In automobilist is freedtemoarn op de Koekoeksleane by Berltsum yn de sleat bedarre. De bestjoerder seach troch de tichte mist de krusing te let en ried rjochtút. It slachtoffer rekke beknypt en is troch de brânwacht út de auto helle. De man is nei it sikehûs brocht. De Koekoeksleane wie ticht foar oar ferkear.