Heak by Wurdum hast klear

It stik fan de Heak om Ljouwert by Wurdum is hast klear. Oer oardel wike geane de nije op- en ôfritten yn de rykswei A32 iepen foar it ferkear. Tagelyk wurde ek de nije tunnels ûnder de dyk en it spoar troch iepensteld. Yn de âlde situaasje waard it ferkear op it krúspunt regele mei stopljochten. Tenei wurde auto's fia in ôfrit nei Wurdum en Wytgaard laat. Ferkear nei Wytgaard giet dan troch de tunnel.