App om waadfûgels te werkennen

De Fûgelbeskerming Nederlân komt mei in app dêr't je waadfûgels mei werkenne kinne. De applikaasje foar de mobile tillefoan hat in gids mei de 180 meast foarkommende fûgelsoarten yn it waadgebiet. Der sitte plaatsjes, beskriuwings en ek lûd by. De fergese app is ûnderdiel fan in projekt dêr't de fûgelbeskerming en fiif oare natuerorganisaasjes de omstannichheden foar fûgels yn it waadgebiet mei ferbetterje wolle. In oar doel fan it projekt is om rekreanten mear te belûken by de natuer.