Nije feiten yn boek Lusanne
Yn it noch te ferskinen boek 'Vermist Meisje' oer de ûntfiering fan Lusanne van der Gun, steane nije feiten. Dat seit skriuwer en sjoernalist Niek van der Oord. Wat dy feiten krekt binne, wol er noch net sizze.
It is dizze wike 10 jier lyn dat de doe 11-jierrige Lusanne yn Aldeberkeap op wei nei skoalle twongen waard by in man yn de auto te stappen. Van der Oord folge de saak op 'e foet foar de krante Nije Eaststellingwerver. Lusanne sels en har famylje wurkje net mei oan it boek. Begjin takom jier moat it boek klear wêze.