Oerlis oer reboelje Bakkefean

Sân plysje-ienheden moasten tiisdeitejûn yn aksje komme yn Bakkefean om lulke buertbewenners oan de Nije Buorren del te bêdzjen. Tsientallen lulke buertbewenners woene sels ferhaal helje by in famylje dy't neffens harren foar in soad oerlêst soarget yn de buert. De plysje waard ynset om in konfrontaasje tusken de buert en dizze famylje te foarkommen.
Oan de Nije Buorren binne al in pear jier problemen tusken dizze famylje en oare buertbewenners. De saak eskalearde nei oanlieding fan in telefoantsje fan wenningbouferiening Elkien hjiroer.
Elkien liet witte dat ien fan de famyljes oan de Nije Buorren oare wenromte krijt. De buert is dêr hiel lulk oer, omdat krekt de famylje dy't neffens harren foar de measte problemen soargje soe sitten bliuwt.
De bewenners easken tiisdeitejûn dat de plysje in man dy't foar in soad problemen soarget meinaam. De plysje hat doe besletten om it hûs yn kwestje te ûndersykjen, mar hat de man yn kwestje net oantroffen. Pas tsjin healwei twaën tiisdeitenacht waard it wer kalm oan de Nije Buorren. De plysje hat him doe wer weromlutsen. De plysje hat nimmen oanhâlden.
De gemeente Opsterlân, wenningbouferiening Elkien en de plysje oerlizze woansdeitemiddei oer hoe't it fierder moat oan de Nije Buorren.