Ekonomy krimpt ek yn 2014
Ek takom jier is der yn Fryslân noch gjin sprake fan ekonomyske groei. Dat ferwachtet it Ekonomysk Buro fan ING. De Fryske ekonomy krimpt yn de twadde helte fan dit jier mei 1,6 persint en yn 2014 mei 0,3 persint. De ferwachte daling is it lytste yn Grinslân, dat profitearret fan de sterke groei fan de gaswinning.
Yn de provinsje Drinte krimpt de ekonomy dit jier 1,7 persint en takom jier mei 0,4 persint.